‘Oan'e keukentafel’

‘Polityk begjint op strjitte’

Yn ús Dantumadiel begjint polityk net by plannen op papier, mar by de ideeën fan minsken. By petearen oan ’e keukentafel, op ’e strjitte, by ús ferieningen en yn ús doarpen. Dêr hearre wy wat der libbet, wêr’t soargen sitte en wêr’t kânsen lizze. Dat is it startpunt fan CDA Dantumadiel.

De fiif kandidaten dy’tsto hjirûnder kennen learest, steane midden yn ’e mienskip. Se lústerje, ferbine en sette harren kennis en ûnderfining yn foar ûnderwerpen dy’t ynwenners rjochtstreeks reitsje: soarch en wenjen, ûnderwiis en jeugd, frijwilligers, leefberens en in betroubere gemeente dy’t der is foar elkenien.

Mei-inoar litte sy sjen wêr’t CDA Dantumadiel foar stiet: nuchter en belutsen bestjoer, each foar de lange termyn en altyd yn petear mei de maatskippij. Mei respekt foar fêste wearden én mei omtinken foar de takomst.

Dorpenlandschap

‘Wy steane midden yn ‘e mienskip, dat fiele minsken’


Hilbrand Visser, Listlûker.

“As it ware binne wy in one-issue partij de kommende fjouwer jier.” In iepening dy’tst net daliks ferwachtsje soest fan in lokale CDA-listlûker — in partij dy’t faak bekend stiet om nuânse. Mar Hilbrand is helder: “By ús stiet fatsoen foarop. Gjin populisme en loze beloftes, mar earlikens en dúdlikens. Wenjen is mear as allinnich huzen bouwe. It giet ek om in noflike omjouwing, goede foarsjennings en in betroubere oerheid.”

“Wy binne as it ware in one-issue partij. Wy gean foar wenjen, wenjen en nochris wenjen!”

De toan is set. De enerzjy spat derôf op dizze sneontemoarn. Ien fan de pear mominten dat Hilbrand efkes stil sitte kin foar in ynterview as dit. “Ik hâld fan dingen regelje.” Stil sitten is net syn natuer. Yn it deistich libben beweecht er him tusken ferskillende rollen: direkteur fan in middelbere skoalle, heit fan fjouwer bern en no listlûker fan it CDA.

Concreet. Een Doener met Ambitie

Al fiifentweintich jier is er aktyf binnen it CDA. Dat ûnderstreket syn belutsenens. “De dynamyk fan de polityk past by my. Om yn tsjinst fan de mienskip wat betsjutte te kinnen, jout foldwaning. Ik wol myn bydrage leverje op it plak dêr’t ik hikke en tein bin.”

Grutsk lit er in priis sjen dy’t er eartiids krige as wethâlder fan Kollumerlân: de Wâldpyk-bokaal. It docht him wat, as echte Wâldman. Yn dat byldsje herkent er himsels. “Minsken út de Wâlden steane bekend om harren konkreet hanneljen. It binne trochpakkers — gjin wurden mar dieden.”

Dat praktyske hanneljen sjocht Hilbrand werom yn ’e doarpen en de ferieningen. Gjin einleaze gearkomsten, mar de hannen út ’e mouwen. Krekt dy mentaliteit herkent er ek by it CDA Dantumadiel. “Wy steane midden yn ’e mienskip, dat fiele minsken.”

Mei de fuorten yn'e klaai

Sûnt er listlûker is fan CDA Dantumadiel, wurdt er faak oansprutsen — op ’e strjitte, yn it doarp, op skoalle. Hy lústeret, stelt fragen, ûnthâldt. “Faak komme yn ’e tarieding fan de rie sokke petearen werom. It kleuret myn ynbring.” Hat er wat tasein, dan byt er him der ek yn fêst. “Dan moatst oan it wurk; dan gean ik lâns of belje ik de wethâlders, en as it nedich is ferbyn ik minsken en inisjativen.”

Mar hy seit it ek dúdlik as er it der net mei iens is, of as in plan neffens him net kin. “Minsken moatte witte wêr’t se oan ta binne. In dúdlik ja én in dúdlik nee binne beide earlik.”

Hilbrand is berne yn Damwâld, gie dêr nei skoalle en spile by de lokale klups. “Ik tink dat ik wol in bekende Damwâldster bin,” seit er sûnder grutheidswaan. “Ik wit wat der hjir spilet. Sa hawwe wy oare fraksjeleden dy’t witte wat der yn harren doarp spilet.” Hy is dan ek gjin tafelklopper. “As listlûker sla ik net mei de fûst op tafel. Ik bring it brede lûd fan de partij byinoar.”

Under syn rêstige styl sit dúdlike ambysje. Hy wol foarút. Wenningen realisearje. Foarsjennings fersterkje. Doarpen libben hâlde. “Wy moatte net allinnich plannen meitsje, mar se ek útfiere. Dêrfoar moatte wy de doarpen yn. By wize fan sprekken soene wy by elkenien oan ’e keukentafel oanskowe moatte. Lústerje nei wat minsken besighâldt.”

Betrouber en dúdlik

Hilbrand leaut dat lytse gemeenten goed funksjonearjend bestjoer nedich hawwe. Dat begjint by fatsoenlik en betrouber lokaal bestjoer. Gjin loze beloftes. Gjin populistyske koers. “Dantumadiel is selsstannich, mar ek kwetsber. Dat betsjut dat wy kar meitsje moatte. Underwiis, wenjen en betelbere soarch moatte heech op ’e aginda stean.”

En de gemeente moat tagonklik bliuwe — ek foar minsken dy’t minder digitaal feardich binne. “De gemeente moat der wêze foar elkenien.”

Jeugd as kompas

Syn hert leit by jeugd en ûnderwiis. Net allinnich yn wurden, mar ek yn dieden. As direkteur fan de Dockinga College (vmbo) Beroepencampus wit er wat it freget om plannen om te setten yn resultaat.

“Yn it ûnderwiis learst: praten is goed, mar úteinlik moatst leverje.”

Hy sjocht efterstannen yn lêzen en rekkenjen. Sjocht jongeren dy’t kwetsber binne. En dat rekket him. “Us bern fertsjinje in steviger basis, mei mear kânsen en minder kwetsberens. Dêr ha wy de hiele mienskip foar nedich.” Skoallen, ferieningen, âlden, tsjerken — elkenien hat in rol neffens it kristendemokratysk gedachtegoed fan Hilbrand. De oerheid stiet der neist, net der boppe.

“Wy hearre alle dagen wat der spilet. Bart der wat, dan witte wy it. Dy lûden bringe wy fan de keukentafel nei de riedsseal.”

Foar Hilbrand is dat wêr’t polityk begjint. Net efter sletten doarren, mar midden tusken de minsken.

“Wy steane midden yn ’e mienskip. En dêr bliuwe wy.”

“Ik wol witte wat minsken echt beweecht.


Wiebe Strikwerda, Wethâlder.

De keukentafel is in plak om te lusterjen

‘Binsto net wat te jong om wethâlder te wêzen?’


Wiebe Strikwerda heart it geregeld sûnt er yn juny 2025 wethâlder wurden is yn de gemeente Dantumadiel. Hy laket derom. “Minsken hawwe in bepaald byld fan wa’t der binnenkomt. Dat nim ik se net kwea ôf,” seit er mei twinkeljende eagen. Stiekem geniet er derfan om ferwachtings te ferrassen. Hy siket syn eigen styl, syn eigen wize fan wurkjen. De ôfrûne moannen wiene in learskoalle — foar wat er de kommende fjouwer jier delsette wol. Want Wiebe is wethâlder, én kandidaat namens it CDA.

Wa’t tsjinoer Wiebe sit, sjocht it daliks: yn syn holle gonzet it. De aginda stiet fol. Doarpsbelangen, sportferieningen, maatskiplike organisaasjes. Oeral petearen, oeral kofjetafels.

“Polityk begjint foar my net yn ’e riedsseal,” seit er. “Mar gewoan oan ’e kofjetafel. Op it gemeentehûs lústerje ik graach by de kofjemasine. Mar benammen by minsken thús, yn doarpshuzen en by ferieningen hearst wat der écht spilet. Ik mei graach ferbiningen lizze tusken de papieren werklikheid en de realiteit fan ’e keukentafel.”

Opgroeie yn de Wâlden

Wiebe groeide op yn Feanwâlden, yn in grut gesin fol libben. “Us mem neamde it altyd in mini-maatskippij,” fertelt er. Elkenien hie eigen ynteresses, mar krekt dy miks foarme syn blik op ’e wrâld. Sport, muzyk, tsjerke, doarpsinisjativen — oan ’e itenstafel waard alles besprutsen. “Dêr begûn it lústerjen al.”

“Besluten moatte sa ticht mooglik by minsken nommen wurde.”

Dy blik waard fierder iepene doe’t er as útwikselingsstudint in jier yn Amearika wenne. Dêrnei folgen stúdzjes en wurk yn meardere lannen, úteinlik yn Den Haach en Brussel. Hy studearre ynternasjonale betrekkingen, mei in fokus op maatskippij-opbou. “Ik leau yn it subsidiariteitsprinsipe: besluten moatte sa ticht mooglik by minsken nommen wurde.”

Dochs bleau Fryslân lûken. Doe’t er in opdracht die foar de Provinsje Fryslân, fielde er it daliks. “It sjen fan ’e wrâld fan ûnderop, de lykweardichheid — dat sit hjir yn it bloed. Hjir fiel ik my thús.” Doe’t de fraach kaam oft er him ynsette woe foar de mienskip dêr’t er sels út fuortkomt, hoegde er net lang nei te tinken.

Belied as petear

Belied meitsje is foar Wiebe gjin papieren oefening. It is in petear. Soms entûsjast, soms kritysk — mar altyd weardefol. “Minsken wolle dúdlikheid. In dúdlik nee is ek in antwurd. In ja moat wat betsjutte. Dat jout fertrouwen. En as wat net kin, moatte minsken net ûnnedich wachtsje.”

Regels binne neffens him gjin obstakel, mar in ramt dêr’t romte yn ûntstean kin. “Net allinnich jild is wichtich, mar ek struktuer, dúdlike ôfspraken en fertrouwen. Pas dan kinne inisjativen groeie — en bliuwe bestean.”

Syn eftergrûn as strategysk adviseur en syn oplieding yn maatskippij-opbou helpe dêrby. Hy tinkt yn stappen, bout prosessen, mar bliuwt nijsgjirrich nei wat minsken driuwt. “Ik wol witte wat minsken echt beweecht, sûnder oardiel. Sa boust fertrouwen en makkest kânsen wier.”

Ferbine

Wat him driuwt is ienfâldich: “Witte wat minsken beweecht, sa talinten en ideeën ferbine en harren enerzjy brûke foar it algemien belang.” Oft it no giet om wenningbou yn in doarp, in sportferiening dy’t foarút wol of in duorsum inisjatyf — Wiebe wol neist minsken stean, net boppe harren. “Dan is it ek wol wer moai dat ik as Wiebe binnenkom, en net daliks as wethâlder.”

Tagelyk bliuwt er trou oan de taak dy’t de gemeenteried him jout: “Ik wol dúdlik meitsje wat kin, lústerje nei winsken en tegearre bouwe oan in mienskip dêr’t minsken echt wat oan ha.”

Foar him is dizze kampanje mear as ferkiezings. “It is in momintopname, wêr’t ik ek graach sjen lit dat meidwaan in ferskil meitsje kin. Ik wol no net allinnich mar roptoeterje wat it CDA fynt, mar yn petear mei minsken.” It past by wêr’t CDA Dantumadiel foar stiet: fanút de keukentafel ûntstiet in beweging dêr’t minsken har heard fiele.

Lytse saken meitsje in grut ferskil."


Wietske Raap, Walterswâld.

Oan it begjin fan de kandidatendei rint Wietske Raap rjochting de fotograaf. Tusken de programma-ûnderdielen troch fertelt se oer har plannen foar it wykein. “Yn koart gean ik mei freondinnen nei de Vrienden fan Amstel Live. Geweldich fyn ik dat,” seit se mei dúdlik sichtber nocht. In drok sosjaal libben — en tagelyk de heechst pleatste frou op de list fan it CDA yn Dantumadiel.

“Ik set mysels net graach op ’e foargrûn,” seit se. “Mar ik kaart wol graach saken oan dy’t spylje yn de doarpen.” Dat typearret har. Net de skynwerpers sykje, mar sjen wat der nedich is. Krekt yn lytse dingen. Fragen oer in wei-ôfsluting. Oer fytspaden. Oer hoe’t strjitten ynrjochte wurde. “Ek lytse saken pak ik graach op. Soms meitsje dy krekt it ferskil.”

Se fynt it wichtich dat froulju en minsken mei in soarchachtergrûn harren stim hearre litte yn de lokale polityk. “Ik bin echt fan it meitinken en dan dwaan. Yn in fraksje is it belangryk om ferskate lûden hearre te litten. It is dan noflik dat elk syn eigen spesjalisme hat.”

“Struibelied, ynrjochting fan strjitten, fytspaden, blombakken: de lûden dy’t ik hear, jou ik troch.”

Mei har ûnderfining yn ’e soarch wit Wietske hoe wichtich it is dat minsken net tusken wâl en skip reitsje. “Ik ha ek by in húsdokterspraktyk wurke: dêr ha ik in soad heard en sjoen. Ik wit hoe belangryk it bygelyks is om te soargjen foar jongerein dy’t bûten de mienskip falle.”

Soarch en wenjen binne foar har ûnlosmaklik mei-inoar ferbûn. “Fan jongerein oant âlderen: ús ynwenners moatte de help krije kinne dy’t se nedich ha én in goed plak om te wenjen.”

Yn it algemien hopet se dat der de kommende perioade mear foarútgong boekt wurdt as it giet om de leefberens yn de doarpen. Dat begjint mei huzen. “Us âldste twa soannen hawwe beiden sels in hûs boud yn Wâlterswâld, de tredde giet nei Feanwâlden. Ik gun elkenien sa’n moaie start. Ik bin ek benijd nei Knarrenhof, in wenplan foar âlderein yn Feanwâlden en de oare grutte kearnen.”

Tidens de gearkomst beweecht Wietske har rêstich troch de groep. Har nuchtere karakter falt op. Binnen de fraksje wurdt se priizge om har ynset om mei-inoar ta oplossingen te kommen.

“Ik doch myn ynbring net om gelyk te krijen, mar om resultaat te boeken foar de ynwenners fan Dantumadiel. No binne it ferkiezings, mar de kommende fjouwer jier moatte wy mei oare partijen derút komme. Gearwurking is in hiel wichtich tema foar my.”

Ek as it giet om gearwurking sjocht Wietske romte foar groei, benammen tusken de froulju dy’t yn de rie sitte.

“Tidens de foarige ferkiezings waard der al goed stimd op froulju. Dat mei dizze kear noch wol wat mear. Ek al stean ik net graach op ’e foargrûn, ik hoopje wol dat ik troch my yn te setten sjen lit dat in frou it ek kin.” Se glimket. “Boppedat hawwe wy in hiele leuke ploech, mei in moai ferskaat oan minsken. Dus ik doch it mei in soad wille.”

Polityk en belied begjinne net yn de riedsseal, mar op strjitte.


Sietze Wijbenga, de Westereen.

Efter op it hiem treffe wy Sietze Wijbenga. De wyn is kâld hjoed. Mar Sietze trotsearret it waar yn syn wat tinne jas. De lêste snie is noch mar krekt ferdwûn. Dizze man mei passy hat waarm bloed. Freonlik wurde wy begroete, kenmerkend foar syn styl. Want sa ken De Westereen him: tagonklik, oanwêzich, midden tusken de minsken.

Hjir, op it hiem, fielt er him thús. Undernimme sit yn syn bloed. Tegearre mei syn broer boude er in ferve- en glêshannel op. Net wachtsje oant immen seit wat der barre moat. Sels ferantwurdlikens nimme. Dat typearret him. As ûndernimmer. En as riedslid.

Njonken al syn ferantwurdlikheden bliuwt er in famyljemins. Hy is sichtber grutsk as er oer syn famylje praat. By harren oan ’e keukentafel is it selden stil. Alhiel no’t der allegear pakesizzers oanskowe.

Petearen dy’t rjochting jouwe

Fan dy keukentafel ôf sjocht er ek de wrâld yn. “Dan prate wy oer de bern en pakesizzers. Oer de takomst fan de jeugd. Dus ek oer wenningbou. Oer de taname fan drugsgebrûk yn ús gemeente. En oer gruttere ûnderwerpen, lykas de polarisaasje yn ’e maatskippij.”

Neffens him bliuwt de wrâld net bûten de doarpsgrinzen. “De politike tastân yn ’e wrâld rekket úteinlik ek ús gemeente. It hat effekt op belied en budzjet. Dêrom is it wichtich om dêr goed fan op ’e hichte te wêzen.”

Midden tusken de minsken

Hy sjocht mei grutskens nei Dantumadiel. “De ynwenners fan Dantumadiel binne foar my it alderbelangrykste, mar wy moatte tegearre mei de oare gemeenten yn ’e Noardlike Fryske Wâlden derfoar soargje dat it hjir ek op ’e langere termyn noflik wenjen, wurkjen en libjen bliuwt.”

In grut part fan it woongelok yn ’e Wâlden sit neffens Sietze yn ’e minsken sels. Yn hoe’t se nei-inoar omsjogge en de hannen út ’e mouwen stekke. Hy sjocht mei grutskens nei elkenien dy’t him frijwillich ynset foar it doarp. “Sy binne fan hiel grut belang foar ús mienskip. Yn ús lytse gemeente binne lokkich genôch noch altyd in soad frijwilligers aktyf. Dêr moatte wy goed mei omgean.”


“Wy sizze wat wy dogge en dogge wat wy sizze.”


Dochs sjocht er dat regels soms it fertrouwen ferdringe. “Tsjintwurdich moatte je kursussen folgje foardat je in gleske kola ynjitte meie yn de sportkantine. Regels moatte der wêze, mar der mei ek fertrouwen wêze. Minsken dy’t it al jierrenlang goed dogge, hawwe net mear regels nedich.”

Syn stap nei de polityk kaam net út ambysje, mar út belutsenens.
“Yn 2017 bin ik dêrfoar frege. Yn 2018 bin ik ta myn ferrassing al yn de gemeenteried kaam. Minsken seagen it blykber yn my.”

It CDA fielde daliks goed. “By CDA Dantumadiel sitte nuchtere, praktyske minsken sûnder poeha. Wy wurkje net hapsnap, mar mei each foar de lange termyn. Wy sizze wat wy dogge en dogge wat wy sizze.”

Net oer ûnrjocht kinne

Hy sjocht om nei jong en âld. “Wy moatte nei-inoar omsjen en foar inoar soargje. Ek âldere minsken binne in wichtich part fan ús gemeente. Wy moatte harren helpe wêr’t wy kinne.”

As er heart dat minsken lang wachtsje moatte op in traplift, komt er yn aksje.
“Dan stel ik dêr fragen oer yn de gemeenteried. Ik hear persoanlike ferhalen. Dan gean ik op ûndersyk en doch ik der wat mei. Ik bin fan de aksje en kin net oer ûnrjocht.”

De wyn waait nochris oer it hiem. Sietze stiet stevich, mar stelt foar om nei binnen te gean foar in lekker waarme bak kofje. Undernimmer. Riedslid. Doarpsgenoat. In man dy’t seit wat er op it hert hat.

Want ien ding stiet foar him fêst: “Polityk en belied begjinne net yn ’e riedsseal, mar op ’e strjitte.”

“Fêste wearden én foarút sjen. Dat past by my.


Taeke Visser, Damwâld.

It is net dreech om in plak te finen foar in passende foto, nei ús petear mei Taeke Visser. “Oan ’e wetterkant. Dêr fiel ik my wol thús. Past ek hielendal by my,” seit er, wylst er nei de steger rint. It wetter docht him tinken oan syn wurk yn ’e wetterbou. Oan bouwen. Oan foarút tinken.

Ek hjoed, op de kandidatendag fan CDA Dantumadiel, stiet er hjir op syn plak. Yn in oare rol as op ’e bouplak, mar mei deselde oertsjûging: mei-inoar bouwe oan de maatskippij. Mei-inoar neitinke oer de takomst fan de ynwenners fan Dantumadiel.

In sterke man, dy’t útstrielt dat er fan oanpakken hâldt. Hy triuwt him net op. Mar wa’t mei him praat, merkt al gau: hy hat in dúdlike fisy. Rêstich brocht. Sûnder grutte wurden.

De keukentafel as hert

Taeke wennet mei syn gesin yn Damwâld en is sterk belutsen by it doarp. Syn fjouwer bern geane allegear nei CBS De Sprankeling. “It is altyd in drokte by ús oan tafel. Earst binne wy dwaande om derfoar te soargjen dat de bern goed ite. Mar oan tafel krije wy ek de ferhalen te hearren oer harren skoalledei en it kuorbaljen.”

Kuorbal spilet in grutte rol yn harren libben. It hiele gesin is belutsen by WIK’34. Taeke is al tsien jier foarsitter. Syn frou Grietje coach fan in team. Frijwilligerswurk is fanselssprekkend yn syn wrâld. “Belutsenens by in feriening seit in soad oer Dantumadiel. Minsken fiele har ferantwurdlik foar de mienskip.”

Hy sjocht it oeral yn de gemeente. Minsken dy’t in soad op ’e skouders drage, mar dochs klear steane foar oaren. “Frijwilligers binne faak minsken dy’t al in soad op ’e skouders ha, mar dochs klear steane foar oaren.”

Betrouber en foarút sjen

Taeke fielt him thús by it CDA. Net troch grutte beloftes. Mar troch degelikens en fertrouwen. “It CDA past 100% by my. It betroubere, it degelike. Gjin grutte ferhalen, mar nuchter neitinke oer wat goed is foar de takomst fan Dantumadiel. Ik gean foar de ynhâld en foar de lange termyn.”

Mei syn gesin stiet er midden yn ’e maatskippij. Fia skoalle, tsjerke, sport en polityk. Hy hie sels in feilige en gelokkige jeugd yn Damwâld. Dat gun er syn bern ek. “Ik set my der graach foar yn dat dat oer tweintich of tritich jier ek noch sa is. Wenjen, soarch en foarsjennings — dat heart by in moaie takomst.”

Dêrom hâldt er him dwaande mei sport- en doarpsfoarsjennings. “Goede foarsjennings binne hiel wichtich. Tagelyk moatte wy earlik wêze oer kosten en keuzes. Wat kinne wy betelje, no en op ’e lange termyn? Dêr moatte wy ferstannich mei omgean.”

Oansprekber op strjitte

Taeke is polityk aktyf, mar siket net de foargrûn. “Myn rol is foaral meitinke. Sparje oer ynhâld, ideeën útwikselje en sa stappen sette. Ik bin net bang om my út te sprekken. En ik bin gewoan oansprekber op strjitte.”

Hy leaut yn gearwurking. Net inoar de loef ôfstekke, mar mei-inoar fierder komme. “Mei goede gearwurking kinne wy yn Dantumadiel in hiel ein komme.”

De foto is sa makke. Fansels stiet er neist it wetter, mar foar in foto posearje is ek net syn hobby. Tiid om wer nei binnen te gean en oan te skowen by de rest. Troch mei de plannen.

Wat him driuwt, fettet er sels gear: “Fêste wearden én foarút sjen. Dat past by my en by CDA Dantumadiel.”